Grutte stroomsteuring treft in tredde part fan Ljouwert

23 aug 2015 - 00:32
  • Grutte stroomsteuring yn Ljouwert: it iennichste ljocht kaam fan auto's

In grutte stroomsteuring hat sneontejûn in tredde part fan Ljouwert troffen. Ynwenners fan de wiken Huzum, Aldlân, Nijlân, Techum en De Wielenpôlle hawwe oerenlang sûnder stroom sitten.

Netbehearder Enexis is drok dwaande de steuring op te lossen. Sneintemoarn om twa oere hie elkenien wer stroom, meldt de gemeente Ljouwert fia harren wurdfierder. De oarsaak fan de stroomsteuring wie in steuring yn in transformatorhúske.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)