Francesca Lollobrigida wint NK skeelerjen nei protest

22 aug 2015 - 17:23

It iepen NK skeeleren yn Hallum is sneontemiddei by de froulju wûn troch Francesca Lollobrigida út Italië. Tegearre mei Irene Schouten fan Andyk ried sy al tiden op kop. Yn de sprint wie Irene Schouten krekt te sterk, mar neffens de sjuery wie dat ûnreglemintêr. Schouten soe Lollobrigida yn de stekken drukt ha.

Beide froulju tsjinnen protest yn. Dat waard wûn troch de Italiaanse. It wie de 28e edysje fan de saneamde Bartlehiemtocht. De wedstriid gie by de froulju oer 60 kilometer.

Schouten wie it net iens mei it beslút mei de sjuery. Neffens Schouten hinderen de twa finalistes inoar en soe de sjuery te bot ôfgien wêze op it 'teatrale protest' fan Lollobrigida. Schouten besocht noch om protest oan te tekenjen tsjin it beslút fan de sjuery, mar dat joech neat mear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)