Twa motorrydsters ferwûne by botsing by Damwâld

22 aug 2015 - 15:39

Twa froulju fan 24 en 18 jier út Kollumersweach binne sneontemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de Haadwei yn Damwâld. In 44-jierrige autobestjoerder fan De Westereen stie dêr stil. Hy woe linksôf slaan rjochting Driezum. Nei alle gedachten hat er hjirby de twa froulju op de motor oer de holle sjoen. Hy botste frontaal op harren.

Beide froulju binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)