Ljouwerter (77) mishannelet buorman (70) mei kruk

22 aug 2015 - 09:19

In 77-jierrige Ljouwerter is freedtejûn oppakt om't er syn buorman fan 70 mishannele hawwe soe. De fertochte gong it slachtoffer mei in kruk te liif. De 70-jierrige hat him ferdigene en soe dêrby pepperspray brûkt hawwe.

De rûzje ûntstie yn de hal fan in flatgebou oan 't Vliet. De jûn dêrfoar hienen de manlju al spul hân en doe't se mekoar yn de hal troffen, barste de bom. De plysje hat de 77-jierrige Ljouwerter meinaam nei it buro. It slachtoffer is foar kontrôle oerbrocht nei it sikehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)