Wurkgroep wol amtners yn Drylts hâlde

21 aug 2015 - 16:20

De wurkgroep Sintrale Húsfesting fan Drylts wol dat it kolleezje fan de gemeente Súdwest-Fryslân de opsje om in diel fan de meiwurkers yn Drylts te hâlden serieus ûndersiket. Nei de gemeentlike weryndieling is in part fan de amtners yn Drylts wurkjen bleaun. Yn it eardere gemeentehûs fergaderje ek de gemeenteried en de riedskommisjes.

It kolleezje hat nei in ûndersyk nei sintrale húsfesting fan de amtners konkludearre dat it better is om dat yn Snits te dwaan.

Neffens de wurkgroep is yn it ûndersyk nei in foarkar foar Snits taskreaun en is nea serieus sjoen nei de mooglikheid om ek yn Drylts te bliuwen. De wurkgroep bestiet út in groep fan ferûntrêste ynwenners fan de gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)