Mear as 20.000 euro oan boetes foar taksyferfier op Skylge

21 aug 2015 - 14:35

De plysje hat by in kontrôle op it taksyferfier op Skylge foar mear as 20.000 euro oan boetes útskreaun. Plysjes, ynspekteurs fan de ynspeksje Leefomgeving en Transport en in 'mystery guest', kontrolearren tiisdei en woansdei tsien taksys en twa bussen. Dêrby waarden 35 oertredings konstatearre. It giet om it net brûken fan de meter, ride op glêde bannen, ride sûnder bewiis fan in fergunning en mobyl beljen ûnder it riden.

In bussjauffeur dy't syn tachograaf net brûkte, krige in rydferbod fan 45 oeren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)