Dwight Lodeweges hâldt fêst oan selde basis

21 aug 2015 - 14:21

SC Hearrenfean sil sneon tsjin PSV oantrede mei deselde basisalve as tsjin FC Utrecht. "Er is geen reden om te wisselen", sa seit trainer Dwight Lodeweges. De Hearrenfean trainer wol lef toane tsjin de regearend lânskampioen. Lodeweges: "Als je je verstopt wordt het zeker niets"! Hearrenfean wie de ôfrûne trije seizoenen yn eigen stadion hieltyd de sterkste. Trije oerwinnings op rige tsjin in topploech as PSV is in unike searje, toch hopet Lodeweges dizze searje noch uniker te meitsjen. "We maken een goede kans", sa seit Lodeweges.

PSV spits Jürgen Locadia wie fan 'e moarn net op de training en hie dat foarôf net witte litten. Dêrom is Locadia troch trainer Phillip Cocu dissiplinêr skorst foar it duel tsjin Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)