Bouboeren meie gif brûke yn bestriding mûzepleach

21 aug 2015 - 11:23

Bouboeren meie tenei gif brûke om de mûzepleach te bestriden. Steatsekretaris Sharon Dijksma hat dêrfoar in spesjale frijstelling ferliend oan boeren yn Noard-Nederlân. It gif dat brûkt wurde mei, binne tabletten dy't oant no ta brûkt waarden tsjin mollen.

De frijstelling jildt foar 120 dagen en is bedoeld om de risping fan ûnder oaren ierappels en woartels te rêden fan de mûzen.

Trefwurden: 
gif bouboer mûzepleach mûzen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)