Drachtster bekent dat er syn eks-freondinne ombrocht hat

21 aug 2015 - 10:36

De 43-jierrige man út Drachten hat bekend dat er ferline wike syn eks-freondinne mei in mes ombrocht hat. Dat meldt it Iepenbier Ministearje. De 32-jierrige frou waard yn de nacht fan tongersdei op freed dea fûn yn har hûs oan de Zilverschoon.

Buorlju hienen de plysje belle neidat se leven hearden yn it hûs fan it slachtoffer. Doe't de helptsjinsten kamen, wie de frou al ferstoarn. De fertochte wie herkend troch in tsjûge en is deselde dei noch oppakt.

It plysje-ûndersyk giet no fierder. Der moatte noch tsjûgen heard wurde en it Nederlands Forensisch Instituut (NFI) docht noch spoare-ûndersyk.

Op 2 septimber wurdt de Drachtster op 'e nij foarlaat. Dan wurdt bepaald oft syn foararrest ferlingd wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)