Brassband De Bazuin spilet by bokswedstriden op Lowlands

21 aug 2015 - 10:13

Seis muzikanten út it A-orkest fan brassband De Bazuin út Oentsjerk trede dit wykein op op it popfestival Lowlands. It ensemble, dat bestiet út fiif blazers en ien drummer, fersoarget gjin optredens op it muzikale gedeelte fan it festival, mar is troch de organisaasje frege om yn it bûtenteater boksers muzikaal te begelieden.

De Bazuin spilet by in tal wedstriden as boksers nei de ring rinne en presentearre wurde. Foar dizze gelegenheid is spesjaal muzyk skreaun dy't basearre is op arranzjeminten út de Amerikaanske boksfilm Rocky.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)