Siler Pieter-Jan Postma ferdigenet earste plak yn Rio

21 aug 2015 - 09:31
  • Pieter-Jan Postma

Finnsiler Pieter-Jan Postma fan Terkaple stiet op it Olympysk testtoernoai yn Rio de Janeiro noch hieltyd op it earste plak. Hy ferdigene tongersdei dy posysje mei in sterke rige: hy waard in kear earste, fjirde en achtste.

Dêrmei kaam Postma op in totaal fan 24 punten. Hy wol him yn Rio kwalifisearje foar de Olympyske Spelen fan takom jier op deselde lokaasje. Dêrfoar moat er yn it testtoernoai by de earste trije einigje. Freed binne der noch twa races. De ôfslutende medaljerace is sneon.

Marit Bouwmeester stiet op it sechsde plak yn de Laser Radial klasse. Se moat de medaljerace noch sile, mar it poadium liket út it sicht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)