"Tall Ships yn Harns moatte ek in Sail parade krije"

21 aug 2015 - 08:14
  • Harns mei de Tall Ships Races

De Tall Ships dy't yn 2018 nei Harns komme, moat ek in Sail parade krije. Dêr makket Arjen Mintjes fan de organisaasje him hurd foar. Mintjes hat de ôfrûne dagen by Sail Amsterdam west om te sjen hoe't dy it evenemint oanpakt.

Hy wie ûnder de yndrok fan hoefolle media-omtinken der foar it evenemint is. Harns is fansels wat lytsskaliger, mar neffens Mintjes fine de minsken fan de Tall Ships dat lykwols júst wat moaier.

Ek wie Mintjes earder al yn Aalborg, dêr't de Tall Ships dit jier west hawwe. In wichtige les dy't Mintjes dêr leard hat, is dat alle aktiviteiten yn de binnenstêd konsintrearre wurde moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)