Iepenbiere húskes yn 'e brân yn Drachten

21 aug 2015 - 07:18

De brânwacht fan Drachten moast freedtemoarn betiid yn aksje komme foar in brân yn twa iepenbiere húskes. Dizze 'dixi's' stienen oan de Lijsterstrjitte. Dêr wurdt op it stuit wurke oan de renovaasje fan 96 wenningen.

Fanút de húskes lekte ek baarnende floeistof rjochting in auto. De brânwacht koe foarkomme dat de auto ek yn 'e brân fleach. De húskes binne bot skansearre rekke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)