Flaggeskip Ecolution makket poalreis fanút Lauwerseach

20 aug 2015 - 20:37
  • De Ecolution

De Ecolution fart takom simmer mei wittenskippers fan Lauwerseach nei de Noardpoal. It flaggeskip fan de stifting WadDuurzaam leit yn Lauwerseach en wie in projekt fan de ferstoarne heechlearaar duorsume technology en astronaut Wubbo Ockels. De ekspedysje 'Om de Noordpool' is net sûnder risiko.

Hiel lang hawwe minsken besocht de rûte foar de kusten fan Ruslân, Alaska, Kanada en Noard-Europa te brûken, mar dat mislearre eins altyd troch it see-iis. No't dat hieltiten mear smelt, is der in kâns om it yn de simmer fan 2016 al te dwaan.

De reis stiet yn it teken fan de skea dy't al oan it arktyske miljeu ûntstien is en driget te ûntstean troch bygelyks oalje of gaswinning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)