Soad reaksjes op social mediaplan Jacobi tsjin 'farhufters'

20 aug 2015 - 19:28
  • Wettersport

De oprop fan it Wergeaster Twadde Keamerlid Lutz Jacobi om filmkes fan saneamde 'farhufters' op sosjale media te setten, hat in soad reaksjes opsmiten. In moasje hjiroer waard begjin july oannaam yn de Twadde Keamer. It idee is dat de pakkâns omheech moat foar minsken dy't bygelyks te hurd farre of tefolle leven ha op it wetter.

No binne der neffens Jacobi noch te min hânhaveners. It Fryske Twadde Keamerlid wol dêrom dat selsmakke filmkes fan wettersporters brûkt wurde om de pakkâns te fergrutsjen.

Mar dat leit juridysk behoarlik yngewikkeld en de kâns is grut dat der wetten foar oanpast wurde moatte. En dat kostet in soad tiid. In soad wettersporters sjogge dit lykwols wol sitten.

Omdat Jacobi de klam lein hat op hurdfarders reagearren eigeners fan speedboaten bygelyks mei de opmerking dat der mear legale hurdfarplakken komme moatte yn de provinsje. Ek freegje minsken Jacobi 'farhufters' dy't dronken en mei lûde muzyk oare wettersporters út 'e sliep hâlde, oan te pakken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)