Opknapbeurt foar swimbad op Skiermûntseach

20 aug 2015 - 18:46

Op Skiermûntseach is begûn mei de renovaasje fan swimbad de Dúnatter. It bad is twa wiken earder tichtgien, sadat op 'e tiid begûn wurde kin mei it projekt, want dat moat ein dit jier klear wêze.

It bad mei rekreaasje-, pjutte- en 25-meterbad wurdt hielendal fernijd. Fierder komt der in terras en in boarters- en belevingstún by. Troch de oanpassingen brûkt it swimbad aanst sa min mooglik enerzjy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)