Tentoanstelling keramykmuseum oer 20-ste ieu

20 aug 2015 - 15:03

Yn keramykmuseum Princessehof binne se drok dwaande mei de ynrjochting fan in nije tentoanstelling: "20-ste ieu, keramyk as spegel fan de tiid". Maatskiplike ûntwikkelings binne te sjen op fazen, potten en skalen. Bygelyks de 'roaring twenties', emansipaasje fan de frou en it romtefeart tiidrek.

Gastkonservator is Frans Leidelmeijer, bekend fan it programma Tussen Kunst en Kitsch. Stikken fan keramyk wurde mei foto's of objekten út in bepaalde tiid mei-inoar ferbûn.

De tentoantstelling is te sjen fan 5 septimber oant en mei 3 july takom jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)