Omrop TIP: Rowwen Hèze yn Noardewyn live

21 aug 2015 - 06:14
  • Rowwen Hèze

Rowwen Hèze spilet freed yn Noardewyn live. De band út Limboarch docht de Noardewyn studio oan mei tolve man. Freedtejûn spylje se op it Glemmer Beach festival op De Lemmer. De band bestiet yntusken 30 jier en fiert dit jubileum mei in teatertoernee: Rowwen Hèze Vur Altied - Ballades & Beer.

De band scoarde hits lykas Bestel Maar, Limburg en die ek in duet mei Nynke Laverman, it nûmer Droemvlucht. Se spylje freed tusken 13.00 en 16.00 oere, en it is te folgjen op tv, radio en ynternet

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)