"Ferplichte foarljochting oan skoalbern by bouprojekten"

20 aug 2015 - 12:30

De provinsje moat bouwers fan nije diken ferplichtsje om foarljochting te jaan oan skoalbern oer de gefaren fan fytsen yn de buert fan graafmasjines en frachtweinen. Dat seit direkteur Heslinga fan Jansma út Drachten. Dit bedriuw makket twa rotondes by Winsum en wûn de oanbesteging omdat se ek foarljochting jouwe oan skoalbern dy't de krusing oerstekke moatte.

Tongersdeitemoarn koenen de skoalbern yn in frachtwein en kraan sitte om te sjen wat sjauffeurs sjogge.

Deputearre Sietske Poepjes fynt it in goed idee om yn it bestek ferplicht sa'n foarljochting op te nimmen, mar moat earst juridysk ûndersyk dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)