Stiging oantal WW-útkearingen yn Fryslân yn july

20 aug 2015 - 11:30
  • UWV

It oantal WW-útkearingen yn Fryslân is yn july omheech gien, benammen yn it ûnderwiis en de bou. Neffens it UWV giet it om in patroan dat eltse simmer weromkomt. Op de langere termyn soarget ekonomysk herstel krekt foar minder WW-útkearingen. Ein july wiene der yn Fryslân goed 17.500 WW-útkearingen. Dat binne der goed tûzen mear as de moanne dêrfoar.

Dêrmei hie Fryslân de grutste taname fan alle provinsjes. Op jierbasis naam it tal WW-útkearingen yn Fryslân krekt it meast ôf.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)