Fakbûn CNV pleitet foar goeie begelieding personiel Imtech

20 aug 2015 - 10:07
  • Kantoar Imtech Drachten

Wurknimmers fan it fallite Imtech Building Services hawwe op dit stuit benammen ferlet fan dúdlikheid en wissichheid. Dat docht neffens it fakbûn CNV Vakmensen bliken út ledegearkomsten dy't op dit stuit hâlden wurde. It fakbûn fynt dat der goeie begelieding komme moat foar de wurknimmers fan it fallite bedriuw.

CNV Vakmensen hat in team oprjochte om de troffen leden by te stean. Dat bestiet út adviseurs en juristen en is alle dagen oant tsien oere jûns berikber fia tillefoan en chat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)