Kollum: "Nijsberjochten út de Bûten Post"

20 aug 2015 - 08:55
  • De Toan fan Bart Kingma

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tongersdei de radiokollum fan Bart Kingma. Bart Kingma wennet yn Ried en wurket as programmamakker by Omrop Fryslân. Dêrneist is er kollumnist foar De Moanne en beheart er in eigen webside www.debutenpost.nl. Yn 2010 ferskynde fan syn hân de roman ‘Griene Simmer’. De kollum fan Bart bestiet út in oersjoch fan de (satiryske) nijsberjochten út De Bûten Post.

"Goeiemoarn, dit is it nijs fan De Bûten Post fan dizze wike:
Fryslân hoecht gjin grutte Sail-parade te organisearjen foar de akseptaasje fan boaten yn ús maatskippij. Dat is foarearst it stânpunt fan it provinsjebestjoer. Deputearre Steaten reagearje dêrmei op de tanimmende druk om ek hjir in optocht oer it wetter te hâlden, nei it súkses dêrfan yn Amsterdam.
Mar neffens de provinsje is de emansipaasje fan de wettersport by ús wol klear en wurde boaten yn Fryslân folslein akseptearre, ek as se meielkoar yn it iepenbier ferskine. Wat dat betreft liket Amsterdam gewoan wat achterop te rinnen, tinke se yn it provinsjehûs.

De syktocht nei de eigener fan in trouring hat mei help fan tv-presentatrise Angela Groothuizen fluch resultaat opsmiten. It sieraard blykt eigendom te wêzen fan in sekere Ashley Madison út Ljouwert. De gegevens fan de trouring leinen mei de ring sels gewoan op strjitte. Nei in oprop op de radio waard der manmachtich socht nei de eigener fan de trouring, en sa waard al gau dúdlik dat er fan Ashley Madison wie. De namme, syn creditcardnûmer en ynternethistoarje leinen flakby de ring yn it sicht. Groothuizen sil de ring gau werombringe nei Ashley Madison.

Minsken dy't oansletten binne by Ziggo, krije tenei automatysk in mailtsje as it netwerk fan har ynternetprovider plat leit. Dat hat Ziggo justerjûn bekendmakke neidat it bedriuw opnij troffen waard troch in ddos-oanfal. Mei de email-service wurde klanten toch adekwaat op de hichte holden as se ôfsletten binne fan it ynternet.
It is in strategy dy't hieltyd faker brûkt wurdt. Sa stjoert KPN warskôgings-sms-kes nei syn klanten as it mobile telefoanferkear dermei ophâldt en stjoert NL Post syn klanten in briefkaart mei ynformaasje as de postboaden oan it staken binne.

Resinsinten en publyk binne fol lof oer it Frouljus-Iepenloftspul fan Weidum. It spektakel belibbe juster de premjêre foar in pear hûndert man publyk. Neffens kenners waard it oangripende famyljedrama yn sierlike bewegings ferteld.
Yn de Ljouwerter Krante skriuwt resinsint Nammen Rudolfsma dat it ferhaal yndrukwekkend begjint mei it dramatyske ferlies fan twa susters. Dêrnei wurdt de spanning geandewei opfierd, mei in grasjeuze apoteoaze yn in yngewikkelde koreografy.

Ferkearsynformaasje. Treinreizgers yn de rjochting fan Grins moatte rekken hâlde mei mooglike fertraging. Op it trajekt tusken Feanwâlden en De Westereen is de plysje in binde op it spoar. Wêrom't de plysjeminsken der krekt op de rails sa'n rotsoai fan meitsje en oft dat te krijen hat mei CAO-aksjes, is op dit stuit noch net bekend".

Mear nijs op www.debutenpost.nl of folgje De Bûten Post fia facebook en twitter.

Lês mear stikken fan Bart Kingma op De Bûten Post. Freed wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke Sietsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)