Bedriuwen Boarnburgum krije Wâldpyk-streekkarmerk

20 aug 2015 - 08:04

Trije bedriuwen yn Boarnburgum hawwe woansdei it Wâldpyk-streekkarmerk krigen. It giet om restaurant Het Spijshuys, bakkerij Baarsma en soarchbuorkerij De Vonk. Sy hawwe it karmerk krigen omdat se de Fryske Wâlden goed fertsjinwurdigje. Se meitsje net allinnich streekprodukten, mar wurkje ek gear. De soarchbuorkerij krige it karmerk útrikt troch Cambuur-trainer Henk de Jong.

De Vonk hâldt him ûnder oaren dwaande mei houtbewurking en griente- en fruitteelt. Dat lêste gebeurt benammen mei âlde rassen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)