Frachtwein ferliest lading tusken Marsum en Dronryp

20 aug 2015 - 07:32

Op de A31 tusken Marsum en Dronryp op 'e hichte fan it tankstasjon hat in frachtwein tongersdeitemoarn betiid syn lading ferlern. Op de frachtauto stie in kontener mei âld izer. Dy is derôf fallen.

Ferkear op de A31 rjochting Harns moast rekken hâlde mei fertraging. Der moast in bergingsbedriuw oan te pas komme om de dyk wer frij te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)