Winst foar Oane Galama en Klaske Nauta by Fryslân Cup

19 aug 2015 - 21:58

Oane Galama mei 20.94 en Klaske Nauta mei 16.10 binne de winners wurden fan de Fryslân Cup yn Drylts. Foar it fierljeppen dit seizoen de útsetter op Fryske grûn. Nard Brandsma en Marrit van der Wal waarden mei 20.27 en 15.27 twadde. By de junioaren gong de winst nei Bobby Zwaagman mei 18.46. Spektakel wie der by de jonges. Frysk kampioen Gerard Hooisma wûn mei 17.21, in prachtich pr. Hessel Haanstra waard mei in pr fan 17.06 twadde. Sigrid Bokma wûn by de famkes mei 14.73. Sytse Bokma slagge der net yn om alles fan de Gouden Rige te winnen.

De Gouden Rige is in searje fan sân wedstriden. Eltse ôfdieling fan it Frysk Ljeppers Boun hat sa'n fierljepklassiker. Frysk junioarekampioen Sytse Bokma fan Hylpen wie dit seizoen seis kear de bêste, mar yn Drylts helle er de finale net. Wol wûn hy by de junioaren it klassemint. Oare winners fan dat klassemint binne Oane Galama, Klaske Nauta en Gerard Hooisma.

Sneon is yn Vlist (Súd-Hollân) it Nederlânsk kampioenskip fierljeppen. Fansels is Omrop Fryslân derby.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)