Brânwachtynset fanwege fêstsittend fingerke

19 aug 2015 - 20:49

De brânwacht fan Ljouwert hie woansdeitejûn in bysûndere oprop. Yn sikehûs MCL Ljouwert wie in jonkje binnenbrocht dat mei syn fingerke fêstsiet yn in goatstienputsje. Omdat de âlden it jonkje net loskrije koenen, hienen se it putsje losskroefd en har melden yn it MCL. Omdat it ek dêr net slagge om it fingerke út it putsje te krijen, waard de brânwacht der by roppen.

Dy hat mei help fan in blikskjirre it jonkje wer befrijd. Dy hat neat oerhâlden oan syn aventoer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)