PvdA wol iepenbiere húskes yn Ljouwerter sintrum

19 aug 2015 - 19:54
  • Iepenbier húske

De PvdA wol iepenbiere húskes yn de binnenstêd fan Ljouwert. Nei in Facebook-peiling yn septimber ferline jier konkludearret de fraksje dat in soad minsken ferlet ha fan de wc's.

Neffens de partij is dat nei de ferbouwing fan it Saailân en it autofrij meitsjen fan it Gouverneursplein in logyske folgjende stap foar in oantreklik sintrum. De PvdA wol dat boargemaster en wethâlders mei in plan komme foar de realisaasje fan de húskes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)