Nije fûgelkaarten foar de waadeilannen

19 aug 2015 - 19:48

Foar Skylge, Skiermûntseach en It Amelân binne trije nije fûgelwerkenningskaarten ûntwikkele troch Vogelbescherming Nederland. Mei dizze kaart yn 'e bûse kinne de fûgelleafhawwers de meast foarkommende fûgels werkenne op de waadeilannen.

De hjerst is dêrfoar in geskikte perioade omdat miljoenen fûgels fan it noarden nei it suden fleane en de waadeilannen brûke om by te tanken. De trije nije kaarten wurde op dit stuit noch drukt, mar binne al wol del te heljen (downloaden).

Sjoch hjir foar de fûgelwerkenningskaarten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)