Gjin karmerk foar studintewennings Ljouwert

19 aug 2015 - 17:34
  • nije studintewennings yn Ljouwert
  • meubilearde studintekeamer
  • meubilearde studintekeamer

De gemeente Ljouwert lit it plan los om foar alle studintewennings in karmerk ôf te jaan, dat se brânfeilich binne. Ljouwert hie dit yn 2013 oankundige nei oanlieding fan de grutte brân yn de binnenstêd, dêr't in studint by om it libben kaam. De gemeente seit no dat it karmerk net nedich wie, want der is al in lanlik plysjekarmerk.

De gemeente besiket no troch foarljochting, oefeningen mei de brânwacht en in webside te soargjen foar feilige studintewennings. Op studentenwoningenleeuwarden.nl binne bonafide ferhierders te finen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)