Japanske ynteresse foar koikarperhanneler út Burgum

19 aug 2015 - 16:12

In besite fan in Japanske fabryksdirekteur. Dat hat de wat út de hân rûne hobby fan Henk Dijkstra út Burgum woansdei opsmiten. Dijkstra hannelet yn koikarpers. De Japanske direkteur hjit Ryuichi Yoshida en yn syn fabryk wurdt fiskfoer makke foar koikarpers. Dat binne Japanske sierfisken.

Hieltiten mear Friezen hawwe koikarpers yn 'e fiver. Henk Dijkstra út Burgum is nei syn pensjoen mei de hannel begûn en hat ûndertusken in bedriuw dêr't je de fisken keapje kinne en alles om se te hâlden.

Yoshida is yn Nederlân foar in grutte koikarperbeurs en giet by hannelers op besite. Neffens him komt de kwaliteit fan de koikarpers yn Burgum hiel ticht by dy fan de Japanske fisken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)