Silvia Vuist (VVD) út Weststellingwerf hâldt op as riedslid

19 aug 2015 - 14:44

VVD-riedslid Silvia Vuist fan Weststellingwerf leit har funksje mei yngong fan septimber del. Reden is har nije baan. As nije direkteur fan soarchynstânsje Eduzon hat Vuist in saaklike relaasje krigen mei de gemeente, want dy keapet ek soarch yn by Eduzon. Sy fynt dan ek dat beide funksjes net te kombinearjen binne.

Vuist wie sûnt maaitiid 2014 riedslid. It bestjoer fan de VVD Weststellingwerf fynt it beslút fan Vuist spitich, mar respektearret it wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)