Plysje hâldt ynbrekkers oan op de Ofslútdyk

19 aug 2015 - 12:11

De plysje hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei op de Ofslútdyk twa ynbrekkers oanhâlden, dy't earder yn twa huzen yn Seisbierrum ynbrutsen hiene. De bewenner fan ien fan de huzen trapearre de ynbrekkers en warskôge de plysje. Dy seach tegearre mei de maresjesee út nei de ynbrekkers. Mei help fan it sinjalemint koe de plysje it duo oanhâlde.

It giet om in 28-jierrige man út Berkel en Rodenrijs en in 34-jierrige man sûnder fêst wenplak. De manlju sitte fêst.

De plysje sjocht of se ferantwurdlik binne foar ferskate oare ynbraken yn de regio.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)