Antea Group sil meiwurkje oan opknapbeurt Panamakanaal

19 aug 2015 - 11:56

De Antea Group op It Hearrenfean sil meiwurkje oan de opknapbeurt fan it Panamakanaal. Yn opdracht fan de Autoridad Del Canal de Panama fersoarget it Feanster yngenieursbedriuw it masterplan foar de westlike kade fan it kanaal. It giet om in gebiet fan 1200 hektare lâns it kanaal oan de kant fan de grutte oseaan, dat op 'e nij ynrjochte wurde moat.

It giet om nije bedriuwen en de opslach en oerslach fan guod, lykas it floeiber ierdgas LNG.

It kanaal wurdt de kommende jierren ferbrede, ferdjippe en modernisearre, sadat de grutste kontenerskippen troch it kanaal passe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)