Ferdigener Djavan Anderson fan AZ nei Cambuur

19 aug 2015 - 11:17
  • Djavan Anderson

Sportklup Cambuur hat ferdigener Djavan Anderson oernommen fan AZ út Alkmaar. De 20-jierrige Anderson is rjochtsback, mar kin ek as middenfjilder mei in ferdigenje taak út de fuotten. Hy hat in kontrakt foar twa jier yn Ljouwert tekene, mei in opsje foar noch in jier. Anderson spile it ôfrûne seizoen mar ien duel yn it earste alvetal fan AZ, dat him op syn beurt oernommen hie fan Ajax.

Anderson is al de twadde ferdigener dy't Cambuur dizze wike kontraktearret. Twa dagen lyn kaam Martijn van der Laan op hierbasis werom fan FC Grins.

Troch de transfer fan Etiënne Reijnen nei datselde FC Grins en de blessueres fan Vytas Andriuskevicius en Marlon Perreira hie Cambuur bot ferlet fan nije ferdigeners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)