Kollum: "Glêsfezelskoallen"

19 aug 2015 - 08:51

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op woansdei de radiokollum fan Eelke Lok fan De Gaastmar. Eelke Lok wurket al jierren foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio. Op dit stuit presintearret hy op televyzje it programma ‘Gewest Fryslân’. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is.

"De scholen zijn weer begonnen. Kletswiet hongen de grutte spandoeken moandei al wer yn de strjitten. Moai as it sa reint as moandei dat de bern wer nei skoalle kinne, mar witte se wol hokker skoalle. Moat je no ynienen nei dy oare skoalle, wêrfan heit altyd sei dat de bern net doogden. Of moat je ien of twa doarpen fierderop. Bin je alhiel fan 't hynder, net tusken de middei mear in kopke sop en in stikje bôle by mem, mar je sitte yn de hast lege klasse mei wat oare bûtenbern yn de molke om te griemen. Op de foarside fan de Ljouwerter moandei in goed oersicht. Leafst 17 legere skoallen minder. Mar it ferfolch sprekt my net oan. Dat ferfolch is der nammentlik net. It bart en we kin it net keare. Sa 'n hâlding ha we. Der is efter de skerms hiel bot praten en seurd oer dat dit barde en oer wat der allegear noch mear barre sil. Mar wat ik mis is in heldere opstap fan de skoallen, âlden, politisy, ûndernimmers en eventueel bern mei elkoar yn Fryslân. Us generaasje wit alles fan de soargen fan de plysje dy’t begjinne mei it eigen ynkommen, alles oer fuotballer Van der Laan dy’t in retoerke Ljouwert hie. De kleur fan de ûnderbroek fan frou Van der Vaart is ús folslein d;udlik. We witte dat komkommerlân Grikelân it finansieel dreech hat. Mar we witte neat fan it ûnderwiis. We moatte dochs mei syn allen yn aksje komme. DIT KIN SA NET TROCHGEAN.

Seker yn Fryslân net. Dêr, wêr’t de ôfstannen grutter binne as earne oars. De letterlike ôfstannen. De geastlike sil noch blike moatte. Dat sil op guon plakken ek noch wol ris skodzje, as de kristlike en iepenbiere skoalle tegearre gien binne. Mar hjir en dêr bin ek oare oplossings keazen. En dat jout oan dat benammen de letterlike ôfstannen telt wurde moatte. Net inkel de ûnderlinge ôfstannen tusken de 419 plakjes yn Fryslân. Ja, dat is ek desatreus, seker as je mar in pear hûndert skoallen oerhâlde. Dat sil, hoefolle jild Blok der ek ynstruit, noch mear krimp betsjutte. Guon doarpen bin dan troch de wike leech fan bern. Dat fielt net noflik. Dat betsjut dat it dreech is foar bern dy’t hieltyd hin en wer reizgje moatte yn in provinsje dêr’t de busferfierder him mear mei SC Hearrenfean bemuoit as mei it ferfier.

Mar it slimst is as de bern út it midden en suden dy’t no noch fakânsje ha, fanwege de rein fan 'e wike neat oars te dwaan hienen as efkes troch de ruten fan de skoallen nei dy earme skoalberntsjes fan Fryslân te sjen. En dan slaan se har op de knibbeltsjes fan it laitsjen. Want dy Fryske berntsjes ha wol kompjûterkes, mar dy dogge neat. De Fryske berntsjes binne wifi-leas sizze se as se wer thúskomme. Ek as de master op de knopkes drukt, hielendal neat. Moai toch sa’n testbyld fan google.

Underwiis is hurd oan it feroarjen. En de digitale wrâld bestiet no ienris. It blykt dat bern der goed mei en fan wurkje kinne. Dus de lesmetoades feroarje hurd. Download dat mar efkes en wurkje dat mar ris út. Downloade wol net master. Der bin al skoallen dy’t de skoalreiskes ôfskaft ha en mienskiplik in wifi oanlizze litte, kosten tûzenen euro’s. Mar dan kin de bern teminsten meikomme. Fryslân hat keazen foar de glêsfezel. Makket my neat út. As je mar kieze foar foarútgong. Mar it is dus prioriteit om te soargjen dat de glêsfezel yn elk gefal yn alle skoallen komt. Dan wurdt der mei wurke. Ja it soe goed wêze as de glêsfezel ek yn de buorkerijen komt, dan kin se dêr op de minút ôf teminsten sjen hoefolle as de molkpriis no wer ynelkoar dondere is. Mar ek de nije boeren moatte aanst minsken wêze dy’t har thúsfiele op de kompjûter en wat der mei gearhinget. Echt leau my, ik sil dat net mear rêde; ik ha in hekel oan alle foarmen fan dy digitale wrâld. Mar dit is net te kearen, it is der, de bern wurde der bettere minsken foar de takomst fan. Set Fryslân net wer op efterstân. Lis glêsfezel oan. Net aanst in kear. Moarn asjeblyft."

Lês alle kollums fan Eelke Lok werom op syn side Weblok. Tongersdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Bart Kingma.

Trefwurden: 
Eelke Lok De Toan fan
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)