Wapene oerfal op supermerk Beetstersweach

19 aug 2015 - 07:20
  • Oerfal op PLUS supermerk yn Beetstersweach

Der hat woansdeitemoarn betiid in wapene oerfal west op de Plus-supermerk yn Beetstersweach. In meiwurker fan in leveransier dy't foar iepeningstiid oan it wurk wie yn de winkel waard mei in pistoal bedrige troch twa manlju mei bivakmûtsen op. De oerfallers easken jild, mar om't alles noch op slot siet koene de meiwurkers der net by komme.

Se bellen wol 112, wêrnei't de oerfallers yn panyk rekken en útnaaiden. Se rieden yn in grize auto rjochting de A7.

De plysje is mei in grutte syktocht dwaande. Der is by de oerfal net ien ferwûne rekke, mar de meiwurkers binne bot skrokken.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)