Sylboat mei fiif minsken omslein by Warten

18 aug 2015 - 18:38
  • De brânwacht socht by Warten nei de opfarrenden fan de sylboat

De brânwacht hat tiisdeitemiddei by Warten mei twa boaten socht nei de opfarrenden fan in sylboat. De sylboat mei fiif minsken der op wie troch noch ûnbekende oarsaak omslein op de Krúsdobbe by Warten.

Letter die bliken dat de fiif al troch oaren oan wâl brocht wienen en sûn en wol op in camping sieten. It gie om fiif minsken út ien húshâlding.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)