Plysje-auto skansearre by oanhâlding nei efterfolging

18 aug 2015 - 18:32
  • By de oanhâlding siet de plysje even boppe-op de manlju....
  • By it ynsidint rekke ek in plysje-auto skansearre
  • Ek de plysje-auto waard fuortsleept troch in bergingsbedriuw

De plysje hat tiisdeitemiddei nei in efterfolging in 32-jierrige man út Ljouwert oanhâlden op de N32 by Wurdum. Plysjes seagen in auto riden op de Snitsertrekwei yn Ljouwert. Fan de bestjoerder wie bekend dat er net ride mocht. Nei in efterfolging koe de auto by Wurdum stilset wurde. Dêrby rekke in plysje-auto flink skansearre. De Ljouwerter wie ûnder ynfloed fan drank en drugs. De oanhâlding op de middenberm soarge foar in pear kilometer file op de N32.

De auto fan de Ljouwerter is yn beslach naam. Ek moast hy syn rydbewiis ynleverje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)