Angela Groothuizen op syk nei eigener trouring

18 aug 2015 - 17:38

Foar in nij telefyzjeprogramma is Angela Groothuizen tiisdei al de hiele dei op syk nei de eigener fan in trouring. De ring is fûn yn in trein yn de omkriten fan Ljouwert, en de namme Rintje stiet der yn. Der stiet ek in datum by: 20 maaie 2009.

Oant no ta hat de syktocht by ferskate gemeenten del noch neat opsmiten. Ek in Facebook-oprop hat gjin fertuten dien. Reaksjes binne noch hieltiid wolkom by de tv-presintatrise.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)