"Neat mis mei giele farve Keningsdei Ljouwert"

18 aug 2015 - 16:17
  • Keningsdei is mear as in moanne lyn, mar de giele farve is der noch hieltiid...

De gemeente Ljouwert hat mei Keningsdei gjin oare giele farve brûkt as oare jierren foar it ôfsetten fan ferkeapplakken. Dat skriuwe boargemaster en wethâlders yn antwurd op VVD-fragen. Dy partij stelde fragen, omdat de farve folle langer sitten bleau as oars. Neffens de gemeente komt dat, omdat der gjin tiid wie om de farve fuort te heljen fanwege oare eveneminten.

Ek hat troch it moaie waar de farve better hechte en is mear giele farve brûkt, omdat folle mear winkels har stoepe brûke foar de ferkeap.

De gemeente Ljouwert is fan doel om takom jier deselde farve te brûken, ek omdat der gjin goed alternatyf is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)