B. en w. Ljouwert: Festivals ek tagonklik foar minderfaliden

18 aug 2015 - 15:51
  • Muzykfestival Into The Grave

Organisatoaren fan festivals yn de gemeente Ljouwert hâlde al rekken mei minderfaliden. Dat skriuwe boargemaster en wethâlders yn antwurd op fragen fan de PvdA. Dy hie dêr fragen oer steld, omdat de partij fynt dat bygelyks húskes by festivals dreech tagonklik binne foar minderfaliden.

Neffens boargemaster en wethâlders wurdt der al rekken hâlden mei minderfaliden, mar om it tenei noch better te regeljen sil de gemeente it as punt fan omtinken meinimme by de fergunningferliening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)