Topsportkarriêre Totilas definityf foarby, sizze de eigeners

18 aug 2015 - 15:11

It is definityf dien mei de topsportkarriêre fan it ferneamde hynder Totilas, dat ea yn Fryslân fokt is. De eigeners fan Totilas ha moandei bekend makke dat it hynder net mear meidwaan sil oan wedstriden. Hy hat in ûntstekking oan de bonke fan de linkerachterskonk. Totilas helle grutte súksessen mei ruter Edward Gal. Yn 2009 en 2010 helle it duo twa Europeeske en trije wrâldtitels.

It hynder waard dêrnei foar in soad jild ferkocht nei Dútslân. Dêrnei wie it dien mei de moaie resultaten, Totilas hie in soad blessueres.

De hynst waard dêrom de lêste jierren foaral ynset foar de fokkerij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)