ChristenUnie stelt fragen oer fluch ynternet op skoalle

18 aug 2015 - 14:23
  • De bern yn de nije lokalen

De provinsjale steatefraksje fan de ChristenUnie makket him soargen oer it útbliuwen fan rap ynternet op basisskoallen op it plattelân. Ut ûndersyk fan de PO-ried docht bliken dat Fryslân op it ûnderste plak stiet wat goeie ynternetferbinings oanbelanget. De PO-ried komt op foar de belangen fan de skoallen.

De ChristenUnie wol fan Deputearre Steaten witte wat dit betsjut foar de kwaliteit fan it ûnderwiis. De fraksje wol dat fan de oanlis fan fluch ynternet op basisskoallen in 'spearpunt' makke wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)