Berber (10) makket Sint Anne ferkearsfeiliger

18 aug 2015 - 12:54
  • Berber van der Meer by har tekening yn Sint Anne

Berber van der Meer (10) fan it Fonnemint út Sint Anne makket it doarp ferkearsfeiliger. Sy hat in tekening makke fan in ferkearssituaasje yn it doarp dy't sy gefaarlik fynt en dizze stiet no op ferskate warskôgingsbuorden yn it doarp.

Foar de fakânsje frege Veilig Verkeer Nederland skoalbern om tekeningen te meitsjen fan gefaarlike ferkearssituaasjes. Dy fan Berber is sa goed, dat er útsocht is om te brûken op ferkearsbuorden en struibrieven foar de aksje 'De scholen zijn weer begonnen'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)