Winkeldief bekûgelet personiel mei blikje drinken

18 aug 2015 - 11:42
  • Plysje

In winkeldief hat moandeitemiddei yn Drachten in meiwurker bekûgele mei in stellen blikje drinken. De meiwurker fan de winkel oan de Markt seach dat de man guod oan it stellen wie en spruts de man oan. Dy smiet it blikje nei de meiwurker en naaide út. It giet neffens de plysje om in donkere man mei it hier strak yn de gel. Hy hie in donkere jas mei in giele streep oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)