Lânboumuseum krijt bysûndere tongblierskraber

18 aug 2015 - 11:31
  • De bysûndere tongblierskraber dy't fûn is by Achlum

It Frysk Lânboumuseum yn Earnewâld hat in seldsume tongblierskraber út 1650 yn de kolleksje krigen. De skraber is eins in bewurke munt mei kartels oan ien kant en waard brûkt om de blierren yn de bek fan bisten stikken te meitsjen. Mark Visser út Harns hat de munt fûn yn in stik greide by Achlum.

De munt krijt in permanint plakje yn it museum neist in oare tongblierskraber en in sulveren tinkpinning fan feesyktes út 1747.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)