Kuorballers fan Reduzum krije ljocht fan de doarpsmûne

18 aug 2015 - 11:17

It nije sportfjild fan Reduzum krijt duorsume LED-ferljochting. Omdat de gemeente Ljouwert nei de oanlis fan it keunstgersfjild gjin jild mear hie foar de ferljochting, is de ferljochting betelle troch de Stifting Doarpsmûne Reduzum. It fjild is al klear en de ljochtmêsten steane der al. Tongersdei wurde de LED-lampen der yndraaid. Mei it nije fjild en de ferljochting foldocht de kuorbalferiening yn it doarp oan alle easken fan it kuorbalbûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)