Harnzer bewusteleas slein op eilantsje yn Tsjûkemar

18 aug 2015 - 11:04
  • Plysje

De plysje siket tsjûgen fan in mishanneling dy't ferline moandei plakfûn op it eilân Margjepôle yn de Tsjûkemar. In 69-jierrige Harnzer wie der oan it barbecueën, ek al is dat dêr ferbean. In ûnbekende man dy't fierderop lei mei syn boat, spruts de Harnzer hjir op oan. Der ûntstie in diskusje, wêrby't de ûnbekende man ûnferwachts úthelle en de Harnzer bewusteleas sloech.

Doe't de dochter besocht om tuskenbeiden te kommen, draaide de man har de tûmen om, wêrtroch in pees skuorde. Se moast yn it sikehûs behannele wurde.

De dieder is neffens de plysje in bodybuildertype. De man fear tegearre mei in frou op in giele boat mei de namme 'Oant Sjen'. Mooglik giet it om in hierboat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)