Tsjûgen socht fan berôving yn Ljouwert

18 aug 2015 - 10:48

De plysje yn Ljouwert siket de dieder fan in berôving dy't tiisdeitemoarn yn de Grutte Tsjerkestrjitte west hat. De plysje hat dêrby Burgernet ynsetten. It giet om in donkere man fan sa'n 1 meter 90 en koart hier. De man hie in winterjas oan. Neffens de plysje naaide hy op de fyts út yn de rjochting fan it Aldehoustertsjerkhôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)