Topbesetting Bartlehiem skeelertocht mei iepen NK

17 aug 2015 - 20:12

De 28e edysje fan de Bartlehiem skeelertocht, it iepen Nederlânsk kampioenskip oer 100 kilometer by Hallum, hat sneon 22 augustus in topbestting. Sa stiet de folsleine ploech fan trainer Jillert Anema oan de start mei û.o. Olympysk- en wrâldkampioen Jorrit Bergsma, Ingmar Berga, Arjan Stroetinga, Niels Mesu en Bob de Vries.

Ek de Belch Bart Swings komt mei in sterke ploech. Swings, mearfâldich wrâld- en Europeesk kampioen inline skaten, nimt syn broer Maarten en Jan Blokhuijsen mei. Trijefâldich winner Gary Hekman sil syn titel ferdigenje.

Ek Crispijn Ariëns en Jan van Loon steane oan 'e start.

De froulju ride 60 kilometer en dêr moat Elma de Vries har titel ferdigenje. Se krijt konkurrinsje fan de winneres fan 2013 Irene Schouten en fan de frou fan Jorrit Bergsma, Heather Richardson. Schouten en Richardson ride beide yn de ploech fan Jillert Anema.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)